Uitgelichte vensters:

Yn it Boek fan Easterein hat Marten L. de Boer de skiednis fan de Grifformearde tsjerke en -gemeente fan Easterein beskreaun. It is in histoarysk dokumint dat net ûntbrekke mei yn it doarpsargyf fan Easterein. It is in libben ferhaal, weryn in grut tal Eastereinders oan it wurd komt. Yn it finster binne de dokuminten te iepenjen, weryn yntegraal de tekst fan Marten L. de Boer oernommen is. Tank oan de famylje de Boer dat hja tastimming jûn ha om it Boek Easterein as dokumintaasje foar it argyf brûke te meien. De skriuwer wol gjin teologyske beskôging jaan fan it Grifformearde tinken, mar in ferhaal skriuwe fan libbene minsken, dat mooglik troch elkenien mei nocht lêzen wurde Sil. Marten L. de Boer hat keazen foar de folgjende yndieling:  Dit haadstik oer de Grifformearde Tsjerke fan Easterein beskriuwt de skiednis fan dy tsjerke fan it begjin fan har ûntstean yn 1888 ôf oant 1985 ta. Doe gyng de gemeente in soarte fan federatyfferbân (S.O.W.) oan mei de Herfoarme Gemeente. It haadstik mei it neamen fan in tal oarsaken dy't ta it stiftsjen fan in eigen gemeente, neist de Herfoarme, laat hawwe. Dêrnei wurdt oan de hân fan sitaten uit en it talochtsjen op tsjerkeriedsoantekens in byld jûn üt de earste fyftich jier fan it 'deistige en sneinske' libben mei syn hichte- en lichtepunten. Wy folgje de dûmnys dyt komme en gean en jouwe oan op hokfoar wize se har ynfloed op it tsjerklik libbenjilde lieten. Nijsgjirrige gegevens üt de oantekens, setten wy yn in kaderke. De âlderein sil by it lêzen sizze: "O, ja, dat is ek sa, sa wie dat doe." Dejongerein kriget in idee fan de tinkwrâld dêr't de Grifformearden fan Easterein foarhinne yn libben. In byld fan de lêste fyftichjier krije wy troch it libbene getugenis dat in tal (âld)leden fan dizze tsjerke üs yn in fraachpetearjoegen. It ferhaal beslüt mei it ferslach fan in fraachpetear dat wy yn 'e maitiid fan 1992 yn Zeist hâlden mei inkelde dûmnys en har froulju dy't de Eastereinder gemeente tsjinnen. Fan Mefrou Tiemens en Mefrou Van Gaalen-Alberts kligen we in prachtich ferhaal oer har ûnderfinings út de Eastereinder tiid.

Skiednis fan Easterein Troch Karin Everhardus Easterein bestiet al iuwenheugend lang. Yn 1378 al waard ' to Aestereynde ' yn geskriften neamd. Dat wie de âldst bekende plaknamme fan it doarp yn it Aldfrysk en betsjutte letterlik ' eastlik lizzende útein '. Troch de iuwen hinne folgen ferskate beneamingen inoar op, oant yn 1991 it doarp syn hjoeddeistige en offisjele namme krige. Iuwenlang wie Easterein it grutste en oansjenlikste doarp fan de gritenij dêr 't ta it hearde, Hennaarderadeel. In gritenij wie yn it ferline de namme dy 't yn gebrûk wie foar in plattelânsgemeente. Pas yn de rin fan de 19e iuw waard Easterein yn grutte en wichtichheid oerfleugele troch it doarp Wommels. Beskriuwing út 1788 In beskriuwing út 1788 joech in skildereftich doarpsbyld: In Oosterend, een groot en aanzienlijk dorp, placht een spitse toren te zijn die geheel van steen was. Dêrfan hie de spits in hichte fan '60 fuotten (goed 18 meter ). Mar neidat yn it jier 1672 - op in ' bid ' dei - troch in hurde tongerslach de spits der ôfslein waard, kaam der yn 1685 in houten spits fan '30 fuotten ' (9 meter) heech. De tsjerke waard sjoen as ien fan de fraaiste ûnder de Lântsjerken. De kertieren om Easterein hinne Neist de saneamde Kerkbuurt (it sintrum om de tsjerke hinne) dy 't aardich grut wie, bestie it doarp út fjouwer ' fjouwerendeelen ' of wol kwartieren. De wichtichste wie it ' Meylehuister vierendeel ' wêryn 't fjouwer steaten (in state is in lânhûs of pleats fan oansjen, soms adellik) leine. Dit wiene grut en lyts Meilahûs, Jellema en Sjaarda. Yn it ' Slypster vierendeel ' leine de Slyp, de ' Saunlsester ' huzen en de steaten Bonga en Koyfenne. It ' Wynser fjouwerdiel ' befette it buertsje Wyns mei de steaten Donia, lyts en grut Hoekens, en Rispens. Ta beslút noch it ' Eeskwerder vierendeel ', hjirta hearden de buortsjes en huzen Stittens, Eeskwerd, Syons én de âlde steaten Reduzum en Sibada. Spitigernôch binne al dizze steaten geandewei ferdwûn.... Sibede Ut it doarp wei, foarby de lêstneamde buertsjes en staten, rûn nei it noarden in Opfeart, ek wol Sibada of Sibede neamd, dy 't op de ' Bolswerder ' jaachfeart útkaam. Yn it súdeasten rûn fan Easterein ôf noch in feart, nei de Hydaarder feart en dêrwei nei de Snitser feart op Frjentsjer. Ek rûn fan it doarp ôf in ' Rijdweg ', nei it noarden ta nei Frjentsjer, en súdlik nei Snits en Boalsert. Dêrmei befûn Oosterend him ûnder de ' wolgelegen ' doarpen. Dit doarp wie fan súd nei noard, wol in hiel oere ' rinnen ' lang (!) Historie bliuwt fuortbestean. Mar in pear opfallende en typearjende wurden foar dy tiid binne stean bleaun, fette tusken. oanhalingstekens.


Nieuws: