Emigraasje 1950-1960


Emigraasje 1950-1960
©:onbekend

Emigraasje- exodus

Nei de Twadde Wereldoarlog kaam der yn hiel Nederlân in grutte emigraasje stream op gong. Ek yn Easterein. De ekonomyske foarutsichten liken net sa best en dat wie de reden dat guon grutte hushaldings, ek mei it each op de takomst fan de bern, har heil oan de oare kant fan de 'Grutte Dobbe' sochten. Hja einigrearren nei Kanada, Kalifornie, Australia of Nij-Selan. Ek ienlingen weagen de sprong oer it wetter. Dat wie foar it befolkingstal fan Easterein yn de fyftiger jierren in grutte tebeksetter.

It is in wiere Easterein- Exodus. Mei-inoar opteld komme we yn in tiidsbestek fan in lytse tsien jier op 70 persoanen dy't harren lok earne oars besykje te finen. Letter giene der noch wol ynsidinteel (jonge) lju nei it bûtenlân, mar de grutte stream wie doe ophâlden. 

Hjirûnder de nammen fan de minsken dy't fuort gongen binne. Fan minsken wêr't mar fan bekend is meitsje we aparte finsters.

Oeds Kamstra (“1904) en Anna Zwerver (1904-1956) fan de Skippersbuorren mei twa bern yn 1949 nei Amearika, Zeeland, Michigan.

Sjoerd Heeg (1906-1983) en Hinke Klijnstra (1911-1987) mei fiif bern, fan Skrok, yn 1950 nei Kanada. Soan Harm Heeg (*1938) waard dumny en hat yn 1965 yn Easterein preke.

Jelle (fan Meinte en Durkje) Vollema (*1930), earst yn 1950 nei Sweden en der- nei yn 1953 nei Kanada.

Anne Jacobi (*1925) en Janke Strikwerda (*1922) mei twa bern, fan de Skip­persbuorren, yn 1951 nei Kalifornie.

Jan Roelof Jacobi (*1937), in broer fan Anne reisge him letter efternei.

Rients Emke Rienstra (1892-1972) en Trijntje Stegenga (1908-1983) mei tsien bern, fan de Wynserdyk, yn 1951 nei Kanada.

Jaring Postma (1908-1993) en Geeske Sijtsma (*1912) mei fiif bern, fan de Skippersbuorren, yn 1952 nei Amearika.

Ulbe Sandstra (*1910) en Willemke Talma (1911-1976) mei njoggen bern, fan de Streek, yn 1952 nei Kanada.

Cornelis Yntema (*1934), fan Meilahuzen, yn 1952 nei Amearika.

P.J. van der Heide (1911-1982) en Betske Nauta (1915-1980) mei fiif bern, fan de Grieneleane, yn 1953 nei Kanada.

Sijbren Engelsma (*1933) yn 1954 nei Kanada.

Tsjitse Hiemstra (*1927), (fan Sipke Hiemstra), fan de Skippersbuorren, yn 1954 nei Kanada.

Sake Hemstra (*1925) en Doetje Huizinga (*1928), (oarspronklik fan Kubaerd), wenjend oan de Hidaerderdyk, yn 1955 nei Kanada.

Sjoerd van't Zet (*1918), fan Skrok, yn 1955 nei Westminster, California. Jacobus Engelsma (*1930), fan Skilplein, yn 1956 nei Amearika.

Klaas Dantuma (*1925) en Trijntje Margje (Tine) de Boer (*1927) mei fjou- wer bern, fan Skilplein, yn 1957 nei Kanada.

Germ Stilma (*1922) en Rinskje van Dijk (1923-1969) mei Jinke (*1948), fan de Grieneleane, yn 1957 nei Kanada en yn 1962 weromkommen.

Sikke Bouma (1912-) en Durkje van der Veen (1916-) mei alve bern, fan it Skilplein, yn 1959 nei Australia.

It is yndied de grutte Easterein-Exodus. Meiinoar opteld komme we yn in tiidsbestek fan in lytse tsien jier op 70 persoanen dy t har lok earne oars besykje te finen. Letter giene der noch wol ynsidinteel (jonge) lju nei it bûtelan, mar de grutte stream wie doe ophalden.

Colofon

Boek Easterein

Lês mear