Uitgelichte vensters:

Emigraasje- exodus Nei de Twadde Wereldoarlog kaam der yn hiel Nederlân in grutte emigraasje stream op gong. Ek yn Easterein. De ekonomyske foarutsichten liken net sa best en dat wie de reden dat guon grutte hushaldings, ek mei it each op de takomst fan de bern, har heil oan de oare kant fan de 'Grutte Dobbe' sochten. Hja einigrearren nei Kanada, Kalifornie, Australia of Nij-Selan. Ek ienlingen weagen de sprong oer it wetter. Dat wie foar it befolkingstal fan Easterein yn de fyftiger jierren in grutte tebeksetter. It is in wiere Easterein- Exodus. Mei-inoar opteld komme we yn in tiidsbestek fan in lytse tsien jier op 70 persoanen dy't harren lok earne oars besykje te finen. Letter giene der noch wol ynsidinteel (jonge) lju nei it bûtenlân, mar de grutte stream wie doe ophâlden. Hjirûnder de nammen fan de minsken dy't fuort gongen binne. Fan minsken wêr't mar fan bekend is meitsje we aparte finsters. Oeds Kamstra (“1904) en Anna Zwerver (1904-1956) fan de Skippersbuorren mei twa bern yn 1949 nei Amearika, Zeeland, Michigan. Sjoerd Heeg (1906-1983) en Hinke Klijnstra (1911-1987) mei fiif bern, fan Skrok, yn 1950 nei Kanada. Soan Harm Heeg (*1938) waard dumny en hat yn 1965 yn Easterein preke. Jelle (fan Meinte en Durkje) Vollema (*1930), earst yn 1950 nei Sweden en der- nei yn 1953 nei Kanada. Anne Jacobi (*1925) en Janke Strikwerda (*1922) mei twa bern, fan de Skip­persbuorren, yn 1951 nei Kalifornie. Jan Roelof Jacobi (*1937), in broer fan Anne reisge him letter efternei. Rients Emke Rienstra (1892-1972) en Trijntje Stegenga (1908-1983) mei tsien bern, fan de Wynserdyk, yn 1951 nei Kanada. Jaring Postma (1908-1993) en Geeske Sijtsma (*1912) mei fiif bern, fan de Skippersbuorren, yn 1952 nei Amearika. Ulbe Sandstra (*1910) en Willemke Talma (1911-1976) mei njoggen bern, fan de Streek, yn 1952 nei Kanada. Cornelis Yntema (*1934), fan Meilahuzen, yn 1952 nei Amearika. P.J. van der Heide (1911-1982) en Betske Nauta (1915-1980) mei fiif bern, fan de Grieneleane, yn 1953 nei Kanada. Sijbren Engelsma (*1933) yn 1954 nei Kanada. Tsjitse Hiemstra (*1927), (fan Sipke Hiemstra), fan de Skippersbuorren, yn 1954 nei Kanada. Sake Hemstra (*1925) en Doetje Huizinga (*1928), (oarspronklik fan Kubaerd), wenjend oan de Hidaerderdyk, yn 1955 nei Kanada. Sjoerd van't Zet (*1918), fan Skrok, yn 1955 nei Westminster, California. Jacobus Engelsma (*1930), fan Skilplein, yn 1956 nei Amearika. Klaas Dantuma (*1925) en Trijntje Margje (Tine) de Boer (*1927) mei fjou- wer bern, fan Skilplein, yn 1957 nei Kanada. Germ Stilma (*1922) en Rinskje van Dijk (1923-1969) mei Jinke (*1948), fan de Grieneleane, yn 1957 nei Kanada en yn 1962 weromkommen. Sikke Bouma (1912-) en Durkje van der Veen (1916-) mei alve bern, fan it Skilplein, yn 1959 nei Australia. It is yndied de grutte Easterein-Exodus. Meiinoar opteld komme we yn in tiidsbestek fan in lytse tsien jier op 70 persoanen dy t har lok earne oars besykje te finen. Letter giene der noch wol ynsidinteel (jonge) lju nei it bûtelan, mar de grutte stream wie doe ophalden.

Dit jier (2022) is it 25 jier lyn dat der in oantal manlju byinoar kamen om de âldjiersklub op te rjochtsjen. Sij fine it in nuete boel yn Easterein. De tradysje fan " it Slepen " is ôfrûn. It slepen wie fanâlds in tradysje om alles wat los stie mei te nimmen en op oare plakken del te setten. Foaral fan boerehiemen waard ark en reau meinommen. Sa waard ris in boerewein útinoar helle en op in dak fan de skoalle wer yninoar set. De eigener moast mar sjen dat hij er it der wer ôf krige. As boer moast alle materiaal oprêden wurde en dêr wiest âldjiersdei wol mei dwaande. Dochs yn de lêste jierren waard de animo minder. Kontainers omwikselje en hjir en dêr wat ruten wytkalke of fan leuzen foarsjen, der hold it mei op.   Dat wie it momint dat in freonegroep de Aldjiersploech oprjochte hat. Sij wiene fan doel om tenei in âldjiersstunt del te setten. Dat wiene: Anne Stenekes, Martin Overal, Hans Kooistra, Jaap van der Velde, Jan Simon Jelsma, Marco Hoekstra en Robert Hoekstra. En foar de goede lêzer, der is ien persoan bij  dy 't al 25 jier meidocht. Yn de ôfrûne 25 jier binne der moaie stunten úthelle. Net fan eltse stunt binne foto's fûn. Bygelyks net fan de "te keap buordsjes yn de tunen" wermei't it probleem oan de oarder kaam dat der net genôch huzen foar jongerein wiene. De lêste jierren is de parse ek goed helle. De feriening is hieltyd ferjonge en bestiet no út: Christiaan Rypma, Jan Simon Jelsma, Gerard van Asselt, Martin Faber, Bauke Dijkstra, Ids de Boer, Jehannes Huitema, Pier Faber, Marco Rijpkema en Sjouke Schilstra. Hjirûnder in tal foto's fan de stunts.


Nieuws: