Yn 1672 sloech ûnder in freeslik ûnwaar de wjerljocht yn de majestueuze spits fan de Martinitsjerke. Dy spits wie fan stien. De spits barstte útinoar en wat brâne woe fleach yn brân. Fan de trettjin meter hege spits wie neat mear oer. Dy toer stie der nei alle gedachten al sûnt it midden fan de 12e iuw en wie boud om de minsken te beskermjen tsjin oerfallers. Yn gefal fan need sieten je feilig efter de stiennen muorre mei in swiere doar foar de yngong mei beslach fan izer. De doar dy ’t no tagong biedt is der yn 1862 ynsetten, tagelyk mei it ommitseljen fan tsjerke en toer mei in laach giele bakstien.
Yn 1688 waard der in nije spits op ‘e toer setten en dy stiet der noch altyd op. Ek no noch is de Eastereiner toer fier fanút de fierte te sjen.
Lês foar mear ynformaasje oer de toer yn de rubriek "Yn en om Easterein": De toer