Firma Joustra Branje
De firma Joustra Brânje hat in lange skiednis. Dêrfoar gean wy werom nei healwei de njoggentjinde iuw.
Joustra of Jouwstra
Wybren Sierks (1777-1844) is de stamheit fan de Joustra’s (of Jouwstra’s) yn Easterein. Hy nimt de famyljenamme Joustra (of Jouwstra) oan en komt om ende by 1815 mei syn gesin nei Easterein. Hy stie as arbeider ynskreaun ûnder de famyljenamme Joustra (of Jouwstra) en kaam oarspronklik út Wolsum. Wybren Sierks troude mei Lipkjen Wybrens Jaarsma. Hja kamen mei fiif bern nei Easterein en dêr krigen hja der noch fjouwer bern bij.
Foar ús stamrige is it sânde bern, Sjirk, fan belang. It geboorteregister neamd de namme Sjerk en deryn wurdt de namme fan de heit noch troch de amtner skreaun as Jouwstra. Wybren ondertekent de akte lykwols as Wybrens Sierks Joustra. Ek sjogge wy yn de akte dat Wybren ûnderwilens yn plak fan arbeider, boer wurden is. De namme Sjerk komt letter allinne noch mar foar as Sjirk.
Fan boer nei skipper
Sjirk Wijbrens Joustra ( 1818-1909) hiert de ‘Pastory’ buorkerij op Skrok 8 fan de Herfoarme tsjerke ( sjoch haadstik ‘Gebouen- Buorkerijen’ yn dit argyf). Sjirk en syn frou Tryntje Elzinga krije seis bern. Yn 1888 moat Sjirk Wijbrens de buorkerij ferlitte. Hy wurd skipper en komelker.
Turfschipper yn Itens
De tredde soan fan Sjirk en Tryntje, Gerrit Sjirk Joustra (1847-1878), troude mei Sytske Tsjalling Faber en waard turfschipper yn Itens. Sytske wie yn ferwachting doe't Gerrit Sjirk op tritichjarige leeftyd ferstoar. Har soan waard berne op 05-03-1879 en krige de namme fan syn heit: Gerrit Sjirk Joustra ( 1879-1942).
Earste registraasje fan in firma
Dizze Gerrit Sjirk Joustra liet syn bedriuw op 11-12-1928 ynskriuwe yn it Handelsregister ûnder de handelsnaam: G.S. Joustra, Handel in brandstoffen. Der waard oanjûn dat it bedriuw sûnt 1917 wie fêstige yn Oosterend gemeente Hennaarderadiel.
Mear dan turf
Brânstof om de huzen te ferwaarmje wie doetiids benammen turf. Stadichoan kaam kolen as brânstof yn gebrûk. De turf kaam út Drinte en de kolen út Ingelân (Cornwall) en Dútslân. De turf waard per skip ferfearn fan Drinte nei Easterein. Dêr waard it opslein yn twa turfhokken op de Skippersbuorren.
Gerrit Sjirk troude mei Geeske Sjoerds Siesling. Hja krigen acht bern, seis soannen en twa fammen. Gerrit Sjirk is yn 1942 ferstoarn, nei alle gedachten oan geelzucht. In moanne foar syn ferstjerren hat hy de bedriuwsnamme noch feroarje litten yn it Handelsregister nei: G.S. Joustra Handel in brandstoffen annex zand- en grindhandel en meststoffen. De widdo fan Gerrit Sjirk is dêrnei eigner fan de brandstofhandel.
De bruorren Joustra
Gertsje Sjoerds Joustra-Siesling draacht op 21 maart 1944 de firma oer oan har twa soannen, Homme en IJpe (Ype). Yn it Handelsregister stiet omskreaun: ‘de eigneres Geeske Siesling, widdo fan Gerrit Sjirk Joustra is mei yngong fan alve maart 1944 as sadanich uitgetreden, fanwege oerdracht der saak oan har soannen Homme en IJpe Joustra. De handelsnaam wurdt feroaret yn : Gebr. H. en IJ. Joustra, Handel in brandstoffen (en detail) en zand, grind en meststoffen.
Turf losse yn Wommels. Fan lofts nei rjochts, op’e rêch sjoen Jurjen (soan fan Homme) en de bruorren Sjoerd, IJpe en mei de piip, Homme Joustra.
Sân, grint en dong
Njonken de brandstoffen waard ek hannele yn sân en grint. Sân kaam út Apeldoarn per skip nei Easterein. It grint waard ophelle út Lobith. It sân en grint wie foar de bou fan wegen en huzen. Ien fan de opdrachtjouwers is de Gemeente Hennaarderadiel.
It handeljen yn meststoffen wie in hiel oar ferhaal. Doe't der noch gjin wc en riolearring wie, diene de minsken har ferlet op in tonne. Elke húshâlding hie sa’n tonne en elke wike kaam der in ‘stronttonnetjesschepper’ bijlâns om de tontjes te leegje. De ynhâld fan de tontjes waard nei Wommels en Boalsert brocht en tydlik opslein. As de ynhâld genôch opdroege wie, waard it per skip ferfearn nei Drinte. Dit waard yn Drinte as dong br&ukt oer de fjilden dêr de turf ôfgroeven wie.
It skip fan de firma wie de Hasselteraak de “Hoop op Zegen”. Dit skip, yn 1917 kocht troch Gerrit Sjirk Joustra, waard sawol foar de turf, de dong as foar it sân en grind ferfier brûkt. Dat it ferfier oer it wetter net altyd sûnder gefaar wie, is te lêzen yn it ferhaal fan Tsjalling Joustra, de jongste broer fan Homme en IJpe, dy as 14-jarige meevoer op de “Hoop op Zegen” mei in lading grind. Hy fertelde syn ferhaal letter yn de krante (sjoch bylage)
Yn en flak nei de oarloch waarden mei it skip ek stobben út Appelskea en Gaasterlân helle. Stookhout wie min te krijen, mar wie wol nedich foar de (bak)ovens fan de sintrale keuken. Op ien fan dy tochten yn de oarloch is Gerrit Joustra, âldere broer fan Homme en IJpe, troch in oanfal fan in Ingelsk fleantúch deasketten.
Fergunning foar it ferfieren fan stobbe flak nei de oarloch
Útwreiding firma
Op 25-08-1961 waard de handelsnaam feroare yn Joustra’s brandstofhandel Wommels-Oosterend (Fr.). It brânstofbedrijf fan Rinze Joustra út Wommels (de âldere broer fan Homme en IJpe), waard by it bedriuw yn Easterein foege.
De firma self wie fêstige yn de Skoallestrjitte. Earst stie dêr in oposlachhok. Letter, neidat yn 1961 it terrein eigendom wie wurden fan de firma, is dit hieltyd mear útwreide.
Hjir waarden de kolen ferpakt yn jutesekken. De kolen út Ingelân kamen per skip oan yn Harns en waarden mei it eigen turfskip “Hoop op Zegen” fan de firma ophelle. De kolen út Dútslân kaam per trein nei Snits en Bozum. Ek dizze waarden sels ferfearn nei Easterein. Letter waard de handel sa grut dat de kolen nei Easterein brocht waarden troch in ferfiersbedriuw mei grutte frachtwein mei oanhinger.
Trochgeande ûntjouwingen
De turfhannel waard minder. Yn de huzen waard net mear stookt mei turf, mar mei kolen en letter mei gas. Allinne bakkers en slachters hiene noch turf nedich. De beheinde hoemannichte turf waard op it lêst net mear per skip ophelle, mar waard per frachtwein brocht.
De bruorren ferkochten fanôf dy tiid sels ek kolenkachels. Letter waard dizze handel útwreide nei gaskachels en noch letter nei moderne houtkachels.
Underwilens waard der ek hannele yn reade diesel. Reade disel wie brânstof dat ûnder in leger accijnstarief foel en foaral troch boeren en leanwurkers brûkt waard. Dizze brânstof waard opslein yn twa ûndergrûnske tanks en nei de klant brocht mei in lytse tankauto.
Joustra Brânje
Tolve jier letter stappe Homme en Rinze út it bedriuw. Ype bliuwt as iennige oer en sil oant 1980 it bedriuw runne.
Dan wurdt it bedriuw oernommen troch Jurjen Joustra, de twadde soan fan Homme, en Willem Rienstra. De namme fan it bedriuw wurdt feroaret yn “Joustra Brânje”. Neffens it Handelsregister binne de wurksumheden: Brânstof-, oliehandel, sân en grind, haardenverkoop.
Fanôf 1999, nei it ferstjerren fan Jurjen Joustra, hat Willem Rienstra it bedriuw noch 19 jier runne. Op 1 jannewaris 2020 kaam der in ein oan Joustra Brânje. Nei 92 jier ferdwûn de turf- oalje- en brandstofhandel út Easterein.
Colofon
Famylje Joustra


