Gerrit Joustra dea sketten op skip


Gerrit Joustra dea sketten op skip
© Foto voorblad: Onbekend, gepubliceerd onder de licentie/disclaimer: auteursrecht verjaard

Besjitting fan de 'Hoop op Zegen' op 22 july 1944 


Doet Greidanus, har man Ype en sweager Gerrit Joustra fearen op 22 july 1944 mei harren skip 'Hoop op segen' doe't se troch de Ingelsen besketten waarden. Gerrit liet it libben en it skip rûn flinke skea op. 

Op 6 juny 1944 begûn de befrijing fan Europa op de strannen fan Normandië. Foar Nederlân wie dy befrijing noch fier fuort. Yn it Drents-Friese Wold dûkten in soad minsken ûnder yn skûlhoalen. De Dútsers stake by Appelskea dielen fan de bosk yn 'e brân: in gebiet fan mar leafst 1_789 bunder Dêrmei woene se foarkomme dat ûnderdûkers, Joaden, fersetsminsken en alliearde parasjutisten der ûnderdak fûnen It tal fan ôffalhout dat by de brannen frijkaam, bliek in wolkomme brânstof foar ovens fan bakkers en suvelfabriken. 

Mei de Hoop op Zegen (S 1027 Nl fiere Doet Greidanus, har man Ype en sweager Gerrit Joustra yn twa dagen fan Easterein nei Appelskea. It Iaden fan de fracht ôfbaarnde houtbosken duorre ek twa dagen. Op sneon 22 july 1944 waard de weromreis oannommen. De grutte hoemannichte hout oan board feroarsake in enoarme útstjit fan swarte ferbrânde jiske. De opfarrenden seagen derút as bisten, har hannen en klean wiene smoarch. As se nei it húske foar yn it skip moasten, moasten se altyd oer dat ferbrânde hout rinne. De planken dy't derop leine. holden de fizichheid net tsjin Under it farren ieten se om bar Tusken It Hearrenfean en Nijbrège kaam Gerrit nei iten ûnder yn de roef en gie Ype stjoeren Doet krûpte efkes op 'e koai en Gerrit gie in middeitukje dwaan op de stapbank mei in jas ûnder de holle. 

SPITFIRES 
Yn dy tiid besketten de Ingelsen geregeld bedriuwen, fabriken, treinen en skippen, út eangst dat dy troch de fijân ynset waarden. Doe’t Ingelske jagers by in ferkenningsflecht om it middeisoere hinne rjochting de Hoop op Segen fleanen kamen, bekrûpte Ype fuortendaliks in driigjend gefoel. Hy sprong yn de opdrukker om de 10pk Lister-motor út te skeakeljen Binnen inkelde sekonden begûnen de Spitflres te sjitten. Der folge in eksploazje yn de roef De projektielen giene dwers troch it roefdak, de haardstede en de trochgong nei it rom. Doet koe suver neat fan 'e koai ôfkomme, mar Gerrit wie nearne te bekennen. ~~~ Hy wie fan 'e bank ôfsketten en hie it net oerlibbe. Ek Ype en de motor fan de opdrukker wiene troffen, wêrtroch't in flesse benzine foar yn de kop baarnde Mei in slachierlike blieding oan syn earm en ferwûne foet wie Ype oan it blussen. Undetusken wiene der ek al minsken fan de wâl op it skip kaam om te helpen. 

Ype hie ferskate ferwûnings op riskante plakken, sels de soal fan syn klomp wie der ôfsketten, en troch al it bloedferlies foel er flau. AI rap kaam der in ambulânse dy't Ype en Doet nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Doe't Doet middeis weromkaam, hiene minsken it skip wat opromme. Yn’e hoeke fan’e roef hiene se it ûnderste stik fan Doets keunstgebit fûn dy’t se nei alle gedachten útspuid hie doe’t se fan’e koai ôf fleach. Se hie him net iens mist. Omdat Ype in pear dagen yn it sikehûs bliuwe moast. waard Docht troch in gesin út Nijbrêge leafdefol opfongen

Granaatynslaggen

It skip wie in ravaazje It betimmere plafond wie nei ûnderen kaam, de doarkes hongen heal yn de knieren en de komplete betimmering fan de bêden wie swier skansearre. Dwers efter it grutte bêd, op it fuottenein, wie it lytse bêd, it ‘koaike’, dêr't seisentweintich gatten teld waarden, feroarsake troch kûgels en skerfinslaggen. It skip wie fan achteren, by it roer, en oan stjoerboardside troffen troch in stik of tsien granaten. Yn it berchhout fan it skip sieten fjouwer gatten, presys op ien line. Tweintich sintimeter útinoar. Deromhinne sieten mear gatten. Troch de patryspoartsjes, neist it roer, wiene ek twa of mear granaten deryn kommen, mar dy wiene net eksplodearre. Bûten wie in granaat yn de lingterjochting troch it helmhout fan it roer gien, mar frij wis nei fiifentweintich sintimeter eksplodearre. Ek de swurdsloper fan it stjoerboard wie stikken sketten, wêrtroch it swurd nei ûnderen, yn de boaiem. sakke wie. In grut tal granaten, trijentweintich stiks wiene flak oer de roef yn de takkelêst bedarre. Se brâne gelokkich net omdat de tûken se smoard hiene. By it lossen fan it skip waard elke takkebosk soarchfâldich trochsocht op efterbleaune granaten om in fierdere ramp foar te kommen. 

Skûlplak 
Sneins waard it skip losmakke en weromfearn nei Easterein troch de bruorren Rinse, Tjalling en Homme Joustra. Ype en Doet folgen in pear dagen letter mei de auto. De gefolgen fan de besjitting hawwe noch lang ynfloed hân op Ype en Doet. It wie dreech om mei kompost nei Drinte wer op it skip te farren, en mei turf Mar it wurk gie troch en sa ek it deistich libben. As der fleantugen yn de loft wiene, giene Ype en Doet automatysk op de flier ûnder de tafel lizzen. Altyd wie der dy eangst. Op it skip hiene se achter de roef in soarte fan skûlplak makke om der yn gefal fan need beskerming te sykjen. Meastentiids reagearren se hiel hurd by driigjend gefaar of tsjinfjoer. Se draafden it lân op of dûkten de ûnderwâl yn. It wie dreech om it besjittingsdrama te fetwurkjen. Yn dy tiid bestie der noch gjin profesjonele help foar traumaferwurking.

Colofon

Reportage ut de Skûtsjekrante

© Tekst: Beheerder Dorpsarchief Easterein
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten