Yn it Boek fan Easterein hat Marten L. de Boer de skiednis fan de Grifformearde tsjerke en -gemeente fan Easterein beskreaun. It is in histoarysk dokumint dat net ûntbrekke mei yn it doarpsargyf fan Easterein. It is in libben ferhaal, weryn in grut tal Eastereinders oan it wurd komt. Yn it finster binne de dokuminten te iepenjen, weryn yntegraal de tekst fan Marten L. de Boer oernommen is. Tank oan de famylje de Boer dat hja tastimming jûn ha om it Boek Easterein as dokumintaasje foar it argyf brûke te meien. De skriuwer wol gjin teologyske beskôging jaan fan it Grifformearde tinken, mar in ferhaal skriuwe fan libbene minsken, dat mooglik troch elkenien mei nocht lêzen wurde Sil.
Marten L. de Boer hat keazen foar de folgjende yndieling:
- Dit haadstik oer de Grifformearde Tsjerke fan Easterein beskriuwt de skiednis fan dy tsjerke fan it begjin fan har ûntstean yn 1888 ôf oant 1985 ta. Doe gyng de gemeente in soarte fan federatyfferbân (S.O.W.) oan mei de Herfoarme Gemeente.
- It haadstik mei it neamen fan in tal oarsaken dy't ta it stiftsjen fan in eigen gemeente, neist de Herfoarme, laat hawwe.
- Dêrnei wurdt oan de hân fan sitaten uit en it talochtsjen op tsjerkeriedsoantekens in byld jûn üt de earste fyftich jier fan it 'deistige en sneinske' libben mei syn hichte- en lichtepunten.
- Wy folgje de dûmnys dyt komme en gean en jouwe oan op hokfoar wize se har ynfloed op it tsjerklik libbenjilde lieten.
- Nijsgjirrige gegevens üt de oantekens, setten wy yn in kaderke. De âlderein sil by it lêzen sizze: "O, ja, dat is ek sa, sa wie dat doe." Dejongerein kriget in idee fan de tinkwrâld dêr't de Grifformearden fan Easterein foarhinne yn libben. In byld fan de lêste fyftichjier krije wy troch it libbene getugenis dat in tal (âld)leden fan dizze tsjerke üs yn in fraachpetearjoegen.
- It ferhaal beslüt mei it ferslach fan in fraachpetear dat wy yn 'e maitiid fan 1992 yn Zeist hâlden mei inkelde dûmnys en har froulju dy't de Eastereinder gemeente tsjinnen. Fan Mefrou Tiemens en Mefrou Van Gaalen-Alberts kligen we in prachtich ferhaal oer har ûnderfinings út de Eastereinder tiid.
Colofon
Boek Easterein


