De tsjerke oan de bûtenkant


De tsjerke oan de bûtenkant
©: Jan Hiemstra

In tal fan dia 's dy 't spesifyk (dielen fan) de bûtenkant toane komme hjir oan bar. It falt net te ûnkennen dat wy mei in ymposant bouwurk te krijen ha. Al fan fier út de fierte is de toer te werkennen troch syn karakteristike wat stompe foarm. En dan te betinken dat de toer noch foars heger west hat. Net allinne de toer bepaalt de hichte fan it gehiel, mar ek de ûndergrûn der 't de tsjerke op boud is. It liket dat er op in terp stiet, mar de hichte is ûntstien by it útgraven fan de feart dy 't oarspronkelik hielendal om de tsjerke rûn en werfan de modder op it plak fan wat no tsjerke en tsjerkhôf kroade is.

Oer de stien der 't it bouwurk fan mitsele is falt hiel wat te sizzen. De âldste stien is mergelstien út de Elzas, letter waarden it de kleastermoppen dy 't yn lytse ûnen (ovens) op de plakken der 't se brûkt waarden fan klaaie bakt waarden.  Wer letter waarden de op dat stuit bekende Fryske gieltsjes brûkt. Mei de lêste restauraasje binne der kalksânstien yn it gebou ferwurke.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s