Fersetsman Enne Bruinsma


Fersetsman Enne Bruinsma
© Foto voorblad: Prive collectie, gepubliceerd onder de licentie/disclaimer: Met toestemming van Rechthebbende

Enne Bruinsma is berne op 30 maaie 1890 yn Tsjom. Syn âlden binne Steffen Bruinsma (* 1849) en Fokeltje Atema (* 1850). It echtpear krijt 10 bern; 7 famkes en 3 jonges. Der ferstjerre op jonge leeftiid 3 famkes en fan de trije jonges bliuwt allinnich Enne yn libben. De earste Enne ferstjert as er ien jier âld is. Syn heit is arbeider fan berop. Enne wurdt plysjeman. Hy trout mei Wietske Visser (1895 -1982). Enne en syn frou binne tige leauwich.

Se krije seis bern. Steffen, Fokeltje (Fo), Johannes (Jopie) Dukke, Klaas en Enno. Ien fan de jonges is tige astmatysk en it gesinslibben stie faak yn it teken fan syn sykte. 

Enne is in man fan prinsipes, hy is leaf en soarchsum en dúdlik nei de bern ta. Mar hy is ek iepen foar dy tiid. Hy fertelt nei tsjerketiid hiel grutsk dat syn bern noch in broerke of suske krije. Dat wurdt soan Enno (* 1938) Hy is in neikommerke; syn mem is dan 43 jier. Dêr wurdt net oer praat yn dy tiid. Mar Enne is grutsk en bliid mei it bern op komst.

Se komme yn 1934 op de Foarbuorren 25 te wenjen, it hûs tsjinoer it cafe. Yn dizze wenning wurdt hy op 25 jannewaris 1945 oppakt troch de Dútsers. Lytse Enno is derby. Se sykje de âldste soan Steffen, dy sit yn it ferset en is ûnderdûkt. Enne wol net sizze wêr't er sit. Yn stee fan syn soan pakke se him op.

Enne is yn it begjin fan de oarloch fan baan feroare, hy wol as plysje net foar de Dútsers wurkje. Hy wurdt kontroleur by de brânstofdistribúsjetsjinst yn Snits. De Dútsers fine belêstende saken, wêrnei't hy, rinnend tusken twa soldaten, nei Wommels brocht wurdt. Dêrnei gie de reis fierder mei de frachtwein nei Ljouwert. It tafal wol dat de freon fan Foke achter it stjoer sit. Foke wurket yn dy tiid by de slachter yn Easterlittens. De frachtwein hâldt dêr op en sa kin Foke har heit dach sizze. Se drukt him noch in pear drûge woarsten yn'e hannen.

Letter bringt se him alle kearen skjinne klean en nimt de smoarge klean wer mei. Op in dei wurdt er nei Grins brocht. Hoe wit de famylje net. Ek dêr bringt Foke noch skjinne klean hinne. Op'e fyts mei (kussy)masive fytsbannen. Se bliuwt dan in nacht sliepen by in muoike. Oant it momint dat se de skjinne wask wer mei nei hûs nimme kin. Har heit is op transport set nei Neuengamme. Hjir is in ferslach fan makke troch Bert Deelman. De famylje krijt nei de oarloch syn horloazje en syn gebitsprotese werom. Der binne noch hieltyd fragen oer wat der krekt bard is.

Razzia yn'e Ripen
Gosse Bootsma hat in boek skreaun oer de perioade wêryn't hy mei ûnder oare Bruinsma yn Ljouwert yn de finzenis siet. Bruinsma is meast de âldste selgenoat. Hy genoat oansjen troch syn stânfêstens. Hy dielde syn guod en iten mei de meifinzenen. Fierder wie de bibel syn hâldfêst. Hjirûnder in pear sitaten út dit boek wat in goede yndruk jout oer de persoanlikheid fan Bruinsma.

Bruinsma nûmmer 1154 waard út ‘e sel helle. Hy moast foar ferhoar. Doe hy wer werom kaam fertelde hy dat er korrekt behannele wie. Se hiene him frege oft er tsjin it nasjonaal sosjalisme wie. Syn antwurdt wie: ”Ik achtsje it Führer- prinsipe tsjinstridich mei de wiere godstsjinst, ha ik sein. Wy moatte Gods geboaden boppe dat fan minske stelle. Soene jo een befel fan de regearing yn Ingelân ek opfolgje? Fregen se my doe. Ja wie myn antwurd. Ik beskôgje se dêr as ús wettige oerheid”. 

Dan sieten Bruinsma en ik noch skoften te praten oer fan alles. De âlde (Bruinsma) krige it jûns bedtiid gauris dreech. It tinken oan thús en frou en bern makke him bytiden slim ûnwennich. Dan begûn er te bidden: Here, leer mij kinderlijk en stil, mij te voegen naar Uw wil. Bruinsma wie in tige leauwich man. Neffens my hat God it allegearre sa beskikt. Troch Bruinsma ommers binne wy neieroan ta Him kommen.

Enne Bruinsma 1890-1945  (Tekst  Bert Deelman Nationaal Comité 4 en 5 mei )

Het monument voor Enne Bruinsma, achter in de kerk, werd opgericht ter nagedachtenis aan de verzetsman die tijdens de Tweede Wereldoorlog door de bezetter is omgebracht.

Enne Bruinsma werd geboren op 30 mei 1890. Tijdens de bezetting had hij een groot aandeel in het schoolverzet, waarvoor hij voor de gemeente Hennarderadeel de contactman was. Hij werkte op dit terrein nauw samen met de Bolswarder gemeentesecretaris Hendrik Haitsma. Bruinsma was als ouderleerling van de hervormde gemeente in Oosterend vooral de man van het geestelijk verzet, die het met de bezetter niet op een akkoordje gooide. In zijn functie als rijksveldwachter had hij het vaak erg moeilijk. Om niet met zijn geweten in conflict te komen verliet Bruinsma de politiedienst. Hij werd controleur bij de brandstoffendistributiedienst in Sneek.

Op 25 januari 1945 deed de Sicherheitsdienst een inval in het huis van Bruinsma om zijn zoon Steffen te arresteren. Steffen Bruinsma was medewerker van de Landelijke Organisatie voor hulp aan Onderduikers en was op dat moment niet thuis. Enne Bruinsma's anti-nationaal-socialistische gezindheid was algemeen bekend en toen de SD'ers van post Wommels bij de huiszoeking ook nog mouwbanden van de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten vonden, werd Enne gearresteerd. Hij werd naar het concentratiekamp Neuengamme gedeporteerd.

Toen de oorlog ten einde liep, werd op 20 april 1945 het concentratiekamp ontruimd. De gevangenen werden in spoorwagens geperst en afgevoerd naar Lübeck. In de Lübeckerbocht lagen de restanten van de Duitse koopvaardij vloot. Op een van de schepen, de Cap d'Arcona werden 4600 slachtoffers in de ruimen opgeborgen. Het eens zo luxe passagiersschip was een drijvend concentratiekamp geworden. Vele gevangenen stierven aan boord. Op 28 april 1945 overleed ook Bruinsma. Hij werd begraven op het stedelijk kerkhof in Neustadt.

Colofon

Tekst  Bert Deelman Nationaal Comité 4 en 5 mei   

Razzia yn 'e Ripen, deiboek fan Gosse Bootsma 1945

Foto's en persoonlijk verhaal familie Bruinsma

© Tekst: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten