De Wynserdyk: Der steane 54 huzen oan de Wynserdyk. Dat is mear as yn de measte oare strjitten fan Easterein. De âldste wenning hat as boujier 1850. De nijste (buorkerij)wenning datearret fan 2025. De measte wenten binne fan in behoarlike omfang.
Bûten de beboude kom stean oan de Wynserdyk ek in tal pleatsen. De skiednis fan dizze pleatsen steane yn in eigen finster beskreaun.
Trochdat de huzen relatyf âld binne, hawwe der in soad bewenners west. En ek de bestimming fan meardere gebouwen hat yn de rin fan de jierren wikseling plakfûn. Van Pastorie, smidderij, grientesaak, slachter, postkantoar.
Wy hawwe besocht safolle mooglik de bewenners yn kaart te bringen. Guon huzen binne lang yn de famylje bleaun.
As der oanfollingen binne dan hoopje ik dat jim dat trochjouwe, oanpasse kin altyd.