a Martini tsjerke


a Martini tsjerke
©: André Vink

“Katedraal ûnder de Fryske doarpstsjerken”

De hjoeddeiske Martinikerk fan Easterein (Oosterend) datearret út it ein fan de 14e iuw. Healwei de 10e iuw waard in lytsere tuffoargonger boud en ûntstie it doarp mei de earste hûzen. Al foar de 8e iuw waard dizze lokaasje brûkt foar hannel, justysje en gearkomsten, eat dat sa bliuwe soe oant de 2e helte fan de 19e iuw. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.

De toer datearret út it midden fan de 11e iuw en wie bedoeld as ferdigeningsstruktuer: in "stins", tegearre mei de grêft, dy't oarspronklik de tsjerke hielendal omsingele. Yn it nasjonale rampjier 1672 waard de 13 meter hege stiennen spits troch wjerljocht fernield. De muorrestien boppe de toeryngong fertelt it ferhaal, en sûnt 1688 siert in houten ferzje fan 6 meter de toer. Oan de noardkant stiet in sfearfolle sakristy, út it midden fan de 13e iuw, no de âldste fan Fryslân. It Hardorff-oargel is út 1869 en yn goede steat.

Yn de tsjerke stiet in unyk houten doksaal út 1554 yn Renêssânsestyl. De arsjitekt is Cornelis Floris II de Vriendt út Antwerpen en te werkennen oan de fersieringen, allerhanne duvelmaskers en 18 bibelske bylden. Dit doksaal sit fol mei symbolyk en fertelt in eigen ferhaal.

De oarspronklik katolike tsjerke waard nei 31 maart 1580 Nederduits-Gereformeerd. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de tsjerke Nederlânsk Herfoarme en sûnt 2000 is it in Protestantske Tsjerke Easterein.

De tsjerke is fan april oant oktober alle freedtemiddei te besjen, boppedat op oanfraach. Simmerdeis is it Kerkpad op sneontemiddei iepen.

Colofon

Boek geschiedenis Martinikerk Easterein

© Foto voorblad: André Vink
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

De kapkonstruksje fan de souder

Disclaimer
Tjerkewurkers
Dat de kleasters mei har muontsen yn 'e measte doarpen it foar it sissen ha, bly

Disclaimer
Tsjerkerestauraasje
Yn 1985 is de tsjerke hielendal restaurearre

Disclaimer
Toer
Yn folle hearlikheid stiet de toer midden yn it doarp.

Disclaimer
Klear om te lieden
De klok hinget yn in stellaasje om lieden te wurde kinnen.

Disclaimer
Klear foar it lieden
It rêd rjochts fan de klok moat yn beweging brocht wurde om de klok te lieden.

Disclaimer
Mitselwurk
Hjir binne de nije stiennen te ferlykjen mei in âld stikje muorre. It is om en

Disclaimer
Muorre
Dit liket in bûtenmuorre en it liket der op dat der in nije iepening yn dy muor

Disclaimer
Nammen op houtwurk.
Guon misken ha de ferfelende gewoante dat se witte litte wolle dat se earne west

Disclaimer
Nije doar oan de noardkant
De yngong troch de toer komt as yngong foar de besikers fan de tsjerke te ferfal

Disclaimer
Nije keuken

Disclaimer
Nije âlde tagong sakristy

Disclaimer
Nis
Soe hjir in byld steanhawwe?

Disclaimer
Nis
Wêr sit dizze nis?

Disclaimer
Noardkant
Dit is de noardkant ter hichte fan de kreake. In doar út eardere tiden wie al r

Disclaimer
Noardkant
Sa te sjen moat dit in stik muorre fan mergelstien wêze en is dan sûnder mis i

Disclaimer
Noardkant
De lambriseaarring is der weihelle en dan falt it op hoe 't der yn de rin fan de

Disclaimer
Noardkant
Neist in oersjoch fan de wurksumheden falt hjir op dat de flier mei de buizen fo

Disclaimer
Under de kreake
Dit is de oergong fan tsjerke nei foartsjerke ûnder de kreake.

Disclaimer
Eastkant
De lambrisearring is foar de muorre oan de súdkant weihelle; links is de preeks

Disclaimer
Ophingpunt klok
It hat hiel wat te hâlden as de oardelton opendel slingere wurde.

Disclaimer
Oprinnende spitsbôge nissen
De hêge rúten binne yn de gevel te sjen.

Disclaimer
Alde tsjerkeflier
De measte ynterieurs fan dizze earste lytse “ kerkjes ” wiene sober en besti

Disclaimer
Alde Romaanse boge
De muorre lit dúdlik sjen wêr't de ofdak foar de Angelus-klok stie. Deistich b

Disclaimer
Alde stookromte

Disclaimer
Alde stookromte

Disclaimer
Aldste Aldfryske grêftekst
De tsjerke befettet nei alle gedachten de âldste grêfstien mei Aldfryske grêf

Disclaimer
Plattegrûn

Disclaimer
Skûlplak foar flearmûzen
Yn gatten yn de muorre (faaks foar stegerbalken) wenje somtiden flearmûzen, en

Disclaimer
Preekstoel
De preekstoel dy 'út de ôfbrutsen tsjerke fan Hinnaart komt mei as tema 'Leauw

Disclaimer
prysterstien
In lytse reade sânstien hinget oan 'e Noardmuorre ûnder it dok. Neffens DRS H.

Disclaimer
rûndegang Tsjerke
Doarpsfeest (foto 1) Iten en drinken wie eartiids in sosjaal barren. It wie yn d

Disclaimer
Rút
Op dit plak hat in rút sittten.

Disclaimer
It finster op de souder
De houten kapkonstruksje fan de souder is unyk

Disclaimer
Regisstratuer en piipwurk
It register is it wichtichste part fan it oargel, om't dêr it lûd ûntstiet. L

Disclaimer
Restauraasje Konsistory
It is in boufal yn 1953

Disclaimer
Romaanske tsjerkje 11e iuw

Disclaimer
Romaanske tsjerkje 11e iuw

Disclaimer
Konsistory
In moai âld diel fan de tsjerke

Disclaimer
Tekening trochseed toer
Dizze trochsneed fan de toer jout oan wat der op de ferskate souders te ferhapst

Disclaimer

0 | 1 | 2 | 3