80 jier frij


80 jier frij
© Foto voorblad: Jan Hiemstra, gepubliceerd onder de licentie/disclaimer: Met toestemming van Rechthebbende

Snypsnaren: 80 jier frij mei oarloch en driging

Troch Jan Hiemstra        maaije 2025

Oarlochsherinneringen: lk bin ien fan it lytse tal (âld-) Eastereiners dat it sturtsje fan de oarloch en de hiele tiid dêrnei meimakke hat. Dit jier wurdt de befrijing wer as in kroanjier fierd. Neist alle festiviteiten wurdt it dan tebek-, mar hooplik ek foarétsjen. Dat weromsjen is it ienfâldichst. lk hoech mar yn my opkomme te liften wat ik, berne yn 1943, der fan meikrigen ha. Sûnt myn jongste jeugd waard der by lis thüs oer de oarloch praat. lt wiene sterke ferhalen oer minsken dy 't troch de minne tiid kamen. Je hearden oer de soargen en de striid om it deistich bestean. Fan hokker momint ôf ha je der sels by west? lk ha it gefoel dat ik der altyd by west ha.

Heit hie oan 't Heechhiem 7 syn 'hokje' dêr 't er skuon reparearre. Wurk wie der hast net, want de kowefellen dêr 't lear fan makke waard, moasten allegearre nei de Dútske oarlochsindustry. By heit waard sa no en dan de 'kakstoel' delsetten en de lytse Jan dêryn parkearre. De jonge mem woe grif wolris fan in hannebiner ôf. Op 24 febrewaris 1944 Siet ik dêr ek. lk wie sawat 1 jier. lt fleanfiild fan Ljouwert waard op dy dei troch de Royal Air Force bombardearre. De klappen wiene yn Easterein te hearren. Yn 10 minuten kamen der 5000 bommen nei ûnderen. lk Siet der ek doe 't der sa 'n 8 km himelsbreed fierderop de fleantügen de treinen tusken Ljouwert en Snits by Boazum beskeaten en ek dit kabaal boppe Easterein hong. By elke klap stuts ik ûnder jûchhei de lytse earmkes yn de loft.

Yn dy oarlochsjierren wie der oan alles gebrek. Gjin fytsbannen, gjin klean, gjin brânje en neam mar op. Iten wie der wol! Yn datselde hokje kaam jûns swart papier foar de ruten om gjin Ijocht nei bûten skine te litten. Minsken waarden jûns net mear nei acht oere bûten ferwachtte, want dat wie ferbean. Mar op 't Heechhiem 7 waard it drok. Dan kaam Sjoerd Bouma dêr mei syn slachterskoer en -ark. Yn it hokje stie dan in skiep of in keal dat slachte wurde moast. lt fleis waard ferparten; wat der oerbliuwde kaam yn de rûchskerne, want spoaren mochten der net oerbliuwe.

Ek it oare iten levere gjin problemen op. Op de eigen tün waard griente ferboud; ierappels kamen fan pake en beppe dt de bouhoeke. De tocht hjirhinne waard dan makke troch op ien dei, mei in liende haaiwein fan Sake van der Veer mei syn Frysk hynder der foar, op en del te gean. Tagelyk kaam der in sekje weet mei. As pjut waard ik mei dy 'toppys brij' (kopkes mealde weet yn de molke rjochtstreeks fan de kij) opwoutere. En natuerlik koe der yn it oventsje fan it 'kookkacheltsje' bôle fan bakt wurde. In grut probleem wie winterdeis de stokerij. 'Swarte brand' moast ét de Limboarchse minen komme en ek dêr hiene de Dütskers beslach op lein. Ek yn dit gefal wisten de minsken op it plattelân harren te rêden. Alle ipen om de tsjerke hinne waarden kappe en geregeld sneuvele der in beam oan de Wommelserdyk.

Snypsnaren: De oarloch foarby (ferfolch op maaie 2025)

Troch Jan Hiemstra

As de frede sletten is, is de oarloch dan oer? Op papier wol, mar by de minsken dy't him meimakke ha, sit dy dan noch jierren yn it hert. Sa hearre je de ferhalen fan- en oer inoar. Sa hearde ik jierren letter foar it earst wêrom der in pear gatsjes yn ien fan de balken yn it 'skuonmakkershokje' fan üs heit sieten. Dat wiene kûgelgatten fan kûgels dt de revolver fan Tjisse van 't Zet, ien fan de Eastereiner fersetsminsken. Jierrenlang hongen der oranjebrjefkes mei de teksten fan de befrijingsrevu, dy't troch bakker Siebe Dantuma skreaun wie, op de binnendoar fan de wurkromte. De deuntsjes dy't Onder de foarstellingen songen wiene, waarden troch tal fan doarpsgenoaten yn de nei-oarlochske jierren noch nündere. Der waard grouwélich feestfierd; de ynstruminten fan Wilhelmina kamen wer boppe wetter en it korps gong troch de buorren.

Dit is in foto dy't nei de befrûing makke is. Minne Sjaarda is de fuorman en de fredesingels binne (fan links nei rjochts): Sjouk Bergsma (Meier), Anna Sjaarda (Kuipers) en Kee Vellinga (Schukken) en twa froulju dêr't ik de namme net fan wit.

Ek de benzine dy't boer Sake van der Veer (no de pleats dêr't Jaap Hoekstra wennet), oer de takkebosken yn de jister wannear't dy yn brân moasten, sproeide, wie foar my in grut riedsel. Dy kaam ét in fet yn it weinhok en wie nei it sizzen fan boer Sake ét in tank fan in fleantéch kommen. Jierren letter waard my de fraach steld oft ik der weet fan hie oft der by Easterein in fleantüch in ûngemak hân hie. lk koe it riedsel net oplosse!

Nei de oarloch tochten tal fan minsken dat er in 'nije tiid' komme soe. De âlde tsjinstellingen wiene ommers foarby. Yn de oarloch hie der ienriedigens west. De permaninte argewaasje dy't der tusken herfoarmen en grifformearden west hie soe foarby wêze moatte; de net-tsjerkliken soene krekt sa goed by it doarp hearre as al dy oaren; boeren en arbeiders soene it mei inoar fine kinne en neam mar op. Der soe in 'trochbraak' yn de maatskippij komme, in politike beweging dy't oan de skieding tusken kristlike en net-kristlike partijen in ein meitsje woe. Ek binnen de Eastereiner mienskip kaam dy 'doorbraak' der diels. Dit hie as gefolch dat der nije tsjinstellingen ûntstiene tusken de minsken dy't dit wol en de minsken dy't dit net woene. Foaral de Kristlik Histoarysken moasten in fear litte. De sosjaal-demokraten, dy't mei de frijsinnich-demokraten de nije PvdA foarmen, hiene de wyn yn de seilen. It waard lykwols net wat guon hope en oaren freze hiene. Nei ferrin fan tiid kamen de foaroarlochske struktueren werom.

Dy earste jierren wie it noch net allegearre fan it boppeste buordsje. Der wie Oeral gebrek oan en it guod kaam op de bon; èn tsjin betelling, èn tsjin it ynleverjen fan distribüsjebonnen koe der wat kocht wurde. Jûns Siet de winkelman dy bonnen mei gluton op grutte fellen papier te plakken, want oars koe er de oare deis neat ynkeapje. Jild hiene de minsken hast net. Alle hüshâldingen foelen tydlik ûnder it rezjym fan it 'tientsje fan Lieftinck'. Fan dizze tsien gûne moasten se in skoftke harren deistige boadskippen dwaan oant it ûnjildich ferklearre jild ét de oarloch omwiksele wie tsjin 'nij' jild. Tagelyk kaam de belestingynspekteur om 'e hoeke. Al dy minsken dy't harren troch de oarloch ryk rekkenen en bûsen fol swart jild hiene, waarden neisjoen. De oerheid die der fan alles oan om de wearde fan és gûne te stabilisearjen.

As lân sieten wy direkt al reedlik gau wer yn de problemen. De ynlânske befolking fan Nederlânsk-Ynje kaam yn opstân. Se kamen ûnder de Japanske druk wei en hiene der gjin ferlet fan dat Nederlân op 'e nij de baas waard. Sukarno en syn meistanners woene 'medeka' wat 'frij' of 'ûnôfrlinklik' betsjut. us regear wie hjir net foar en besocht tusken 1945 en 1949 mei in goed 200.000 'Nederlânske' militêren, wêrfan der sa 'n 95.000 tsjinstplichtigen,

Colofon

Jan Hiemstra, snypsnaren. 

© Tekst: Beheerder Dorpsarchief Easterein
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’sDocumenten