De Twadde Wrâldkriich 1940-1945


De Twadde Wrâldkriich 1940-1945
©:Onbekend

De Twadde Wrâldoarloch hat ek yn Easterein syn spoaren efterlitten.

De dea fan trije manlju út ús doarp binne der streekrjocht mei ferbûn. Twa manlju omdat se har aktyf fersette tsjin de Dútske ûnderdrukking; Enne Bruinsma en Andries Joustra. Foar harren beiden is in monumint oprjochte yn en bij de Martinitsjerke. De tredde persoan, Gerrit Joustra, is omkommen by in besjitting troch de Ingelsen út in fleantúch wei fan it skip dêr't er op fear. Op 4 maaie wurdt alle jierren de betinking fan de gefallenen hâlden. Al lange tiid wurdt de betinking organisearre troch de basisskoalle "De Foareker". "Opdat wy net ferjitte". 

De oarloch soarge foar in protte minsklik leed. Wa't it net iens wie mei de besetter moast skûlje. Alles rekke op de bon, en de earmoed naam ta. Op it plattelân wie der noch genoch iten, mar yn de stêden wie dat lang net altiid it gefal. En wer't fochten waard moasten de minsken flechtsje. Evacuees kamen ek nei Easterein. Yn de finster binne in tal ferhalen, fotoos en dokuminten opnommen dy't allegear mei de oarloch te meitsjen ha.

Op de foto bij dit venster:

Een groep Nederlanders, waaronder een aantal Friezen, in krijgsgevangenschap / als dwangarbeiders, op het spooremplacement van de haven van Wesermünde, Duitsland. Ze houden een bord vast met de tekst “Ver van allen Waarvan ik heb Gehouden”. Op de achterste rij van links naar rechts: Johannes van der Heide, Johannes Faber, Piet Postma, onbekend, onbekend en Nico Halma. De twee mannen op de voorgrond zijn beide onbekend.

Bron: Fotograaf onbekend / Tresoar Fotos, Tresoar (00090551)

Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten